Wer trije blau-alchwarskôgings

23 aug 2013 - 16:32
  • Pas op! It swimwetter is noch hiel kâld

De provinsje warskôget dat der op trije swimlokaasjes yn Fryslân blau-alch foarkomt. It giet om de Hegemermar by Heech, om de Iselmar by it Badpaviljoen fan Hylpen en om De Leijen by De Rottefalle. Foar dizze lokaasjes jildt no in negatyf swimadvys. Yn it gefal fan twifel kinne je belje mei de swimwettertillefoan fan de provinsje op 058-2925650.

Oare aktuele ynformaasje kinne je fine op website www.zwemwater.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)