Wer treinen Ljouwert-Grins

01 aug 2008 - 13:59

De problemen mei it treinferkear tusken Ljouwert en Grins binne foarby. Freedtemoarn foelen de sneltreinen op it trajekt út en ûntstie der by de stoptreinen fertraging. Dat kaam troch bliksemynslach, tusken Feanwâlden en Bûtenpost koenen dêrtroch de seinen en spoarbomen net betsjinne wurde.

De ferwachting wie dat it probleem pas yn de rin fan de middei oplost wêze soe, mar dat is al sûnt ien oere it gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)