Wer TBC yn Wytmarsum

17 okt 2005 - 17:41

In 9-jierrich jonkje út de flechtlinge-opfang yn Wytmarsum hat mooglik TBC. It bern is foar fierder ûndersyk en behanneling opnommen yn it sikehûs yn Ljouwert. Undersyk sil de kommende wike útwize moatte oft it bern yndie besmet is mei tuberculose.

De bewenners fan de flechtlingeopfang waarden ûndersocht nei't yn juny by in 52-jierrige frou yn it opfangsintrum TBC konstateard waard. Der waarden doe fan 120 ynwenners röntgenfoto's makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)