Wer TBC yn Harns

04 apr 2006 - 11:57

Der is opnij in gefal fan TBC ûntdutsen yn Harns. It giet dizze kear om in man fan 72 út de stêd. Hy is opnommen yn it MCL yn Ljouwert. Syn famylje, freonen en oare kunde wurde ûndersocht. Der liket gjin ferbân te wêzen mei eardere gefallen fan TBC yn Harns.

Yn febrewaris waard bekend dat in man fan 45 út Harns besmet is mei TBC. Hy hat 31 oare minsken oanstutsen. En yn novimber ferline jier waard TBC ûntdutsen by in frou fan 43 út Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)