Wer takomst foar Ljouwerter skipswerf

16 jan 2015 - 16:44
  • Pont wurdt te-wetter-litten yn Ljouwert
  • Pont wurdt te-wetter-litten yn Ljouwert

Mei it te-wetter-litten fan in 28 meter lange pont sjocht de takomst fan skipswerf CMS-schepen yn Ljouwert der wer in stik better út. De werf oan de Greunswei lei der fiif jier lyn noch fertutearze by. No wurde in soad boaten opknapt en ek sels boaten boud. Yn 2012 namen de bruorren Delmer en Jelle Los de werf oer.

De pont is freed út de loads takele en doopt mei in flesse sjampanje tsjin de romp. Der is hast fiif moannen wurke oan it skip. It wurdt as pont brûkt by it Gelderske Dieren. Der is romte foar 6 auto's en 150 passazjiers.

Yn de kommende tiid wurde noch mear nije boaten makke op de skipswerf yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)