Wer sylboat omslein: elk rêden

29 maaie 2011 - 15:38
  • (foto Alex Zwart, http://hvnieuws.nl)

Op de Snitsermar by Terherne is sneintemiddei in sylboat omslein. De trije ynsittenden bedarren yn it wetter. De wetterplysje hat se der úthelle en mei har boat wer nei de kant brocht. By Wâldsein wie ek in melding dat der minsken yn it wetter leine. Dêr wie ek in boat omslein. De minsken wiene lykwols al op 'e wâl.

De helptsjinsten moasten sneon ek al yn aksje komme by Burgum, De Gaastmer en by Heech. Dêt rekken minsken yn it wetter. Elk is rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)