Wer sykaksje fermiste Lemster

30 mrt 2006 - 11:56

De plysje sil ynkoarten wer sykje nei de fermiste Remco Wouda fan De Lemmer. Dat bart by Camping Scharsterrijn by Boarnsweach dêr't de 28-jierrige man op 10 jannewaris foar it lêst sjoen is. De plysje wol de dearinnende ôftakking fan de Scharsterrijn droech lizze.

Der hawwe al ferskate syktochten op it plak west mar net útsletten wurdt dat Wouda ûnder it slib leit. De plysje hâldt alle opsjes noch iepen, ek dat Wouda noch libbet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)