Wer suvelfabryk op It H'fean

10 jan 2014 - 15:30
  • Ien fan de suvelfabriken yn oanbou by It Hearrenfean

Der komt in fjirde suvelfabryk op It Hearrenfean. It giet om in Sineeske ynvestearring. Op dit stuit wurdt der noch hurd wurke oan de trije oare fabriken. Dy fan A-Ware, Fonterra en Ausnutria. Foar de gemeente Hearrenfean is nóch in fabryk derby in moaie opstekker. It nije fabryk komt by de trije oare fabriken. It Hearrenfean wurdt sadwaande it klopjend hert fan de wrâldsuvelmerk.

Alle nije fabriken hawwe ek minsken nedich, mar dy moatte dan wol in spesifike suveloplieding hawwe. Dy opliedings rinne op dit stuit aardich fol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)