Wer stroomútfal yn Menaam

28 jan 2006 - 18:02

Foar de twadde kear yn twa wiken tiid is bakker Huizinga fan Menaam de dupe fan in stroomsteuring. Yn de nacht nei sneon, om in oere as twa, foel de stroom derôf. De steuring wie yn twa strjitten. Neist de bakker kamen sa'n 10 húshâldens sûnder stroom te sitten.

Yn de rin fan sneontemoarn koe de steuring ferholpen wurde. De bakker hat wurke mei help fan in aggregaat. NUON neamt it tafal dat de steuring twa kear op itselde plak foarkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)