Wer stroomstoaring yn Ljouwert

12 jan 2005 - 09:03

Der hat tiisdeitemiddei in stroomstoaring west yn it easten fan Ljouwert. It gebiet tusken it Noardfliet, de Emmakade en de Bleeklaan siet goed oardel oere sûnder stroom. Dat komt del op sa'n 750 wentes.

Woansdei wurdt ûndersocht wat de oarsaak fan de stroomstoaring west hat. Enerzjybedriuw Essent tinkt oan koartsluting. Snein wie der ek al in stroomstoaring yn de Transvaalwyk yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)