Wer strjitrôven yn Ljouwert

19 okt 2007 - 09:51
  • Slachtoffer Wigle Visser mei syn hûntsje

Yn Ljouwert wiene tongersdei wer twa strjitrôven. By de Potmarge waard in 60-jierrige Ljouwerter troch twa jonges slein. Se pakten syn beurs en naaiden út. Om't de man him net goed fielde fytste er nei it sikehûs. Dêr die bliken dat er stutsen wie.

De 2e oerfal wie by it Jakobijner- tsjerkhôf yn Ljouwert. In Ljouwerter (53) liet syn hûn út doe't twa jonges him in mes op de kiel setten. Sy namen guod fan him mei en naaiden út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)