Wer stevich ferlies Aris

20 nov 2010 - 23:13

De Friesland Aris krige sneontejûn wer in flinke draai om 'e earen. Yn en tsjin Weert waard it 106-89 foar de thúsploech. Yn it earste kwart wiene beide ploegen oaninoar weage: 27-24. Weert wûn it twadde kwart wat rommer (24-16), mar yn it tredde brochten de Ljouwerters troch de 27-22 winst de spanning werom.

Krekt as ferline wike gong it mis yn it lêste kwart. Weert joech gas, gong troch de 100 puntegrins en wûn de lêste perioade mei 33-22.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)