Wer stellerij by autogaraazje yn Drachten

27 apr 2015 - 14:07
  • Stellerij felgen yn Drachten

By garaazjebedriuw Jelle Talsma yn Drachten binne sneintenacht fan sân auto's de felgen en bannen mei in wearde fan 7.000 euro stellen. De skea kin neffens de plysje noch fierder oprinne. Sa is ien auto ek bekrast. De auto's steane te keap op it terrein fan de Fiat-garaazje en wiene troch de dieven op stiennen set om de bannen los te krijen.

Healwei maart wie it ek al raak yn Drachten. Doe waard foar 10.000 euro oan bannen en felgen stellen by in Toyota-dealer oan De Roef en in Peugeot-garaazje oan De Bolder. It plysje-ûndersyk rint nich

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)