Wer staking by Prins yn Dokkum

04 mrt 2013 - 10:40
  • Staking Prins Dokkum

Alle 34 personielsleden fan Prins Dokkum hawwe moandeitemoarn opnij it wurk dellein. It giet om in twadde stakingsdei. Ferline wike freed waard der ek al net wurke, as protest tsjin de plannen fan de direksje om it fangrailfabryk te sluten. It wurk soe dan oerbrocht wurde nei oare lokaasjes. De fakbûnen litte moandei in iepen brief oan de direksje ferskine, wêryn't de arguminten foar it iepenhâlden fan it fabryk stean. Tiisdei wurdt net staakt by Prins, mooglik dat der letter dizze wike wol wer aksjefierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)