Wer staking by Prins Dokkum

15 mrt 2013 - 07:45
  • Staking Prins Dokkum

Wurknimmers fan Prins Dokkum lizze freed opnij it wurk del. Neffens fakbûn FNV Metaal hawwe de wurknimmers besletten ta in nije staking omdat de direksje fan it fangrailfabryk kantoarpersoniel ynset om it wurk fan stakers oer te nimmen. Dat soe it gefal west hawwe by eardere stakingsdagen by it fabryk. Ek soe der doe wurk útbestege wêze oan tredden.

De nije stakingsdei is ek in reaksje op de wegering fan de direksje om wurknimmers snipperdagen opnimme te litten. Neffens it fakbûn stiet de direksje dat net ta fanwege de eardere stakings.

De stakings binne der, omdat it personiel it net iens is mei it plan om de produksje oer te bringen nei it bûtenlân. It grutste diel fan it personiel ferliest dan syn wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)