Wer staking grutmetaal Fryslân

21 okt 2013 - 08:03
  • De aksjebyienkomst yn Amicitia yn Snits
  • Stakers skriuwe har yn yn sealesintrum Amicitia

Der wurdt moandei wer staakt yn de grutmetaal yn Fryslân. Noch hieltyd is der gjin CAO foar dizze sektor. Ofrûne wike waard der wol in akkoart sletten yn de lytsmetaal, mar yn de grutmetaal wurdt der sels praat oer hurdere aksjes. Hjoed is it aksjesintrum festige yn Amicitia yn Snits. De ûnderhannelings rinne stikken op it lean en de arbeidsbetingsten.

Bedriuwen dy't moandei meidogge oan de staking binne Hubert út Starum, Spaans út Balk en Kwant, Landustrie en Holvrieka út Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)