Wer staking by glêsfabryk

16 des 2010 - 07:45

Der wurdt tongersdei en freed op 'e nij staakt by glêsfabryk AGC yn Easterwâlde. De fakbûnen hiene by de 24-oere-staking fan tiisdei al oankundige dat it wurk wer dellein wurde soe as de direksje net mei in better CAO-foarstel komme soe.

It is al de tredde staking, want ek ôfrûne freed kamen de wurknimmers yn aksje. By it glêsfabryk yn Easterwâlde wurkje 60 minsken, by de festiging yn Tiel 200. Ek sy gean 48 oeren lang net oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)