Wer staking glêsbedriuw AGC

03 jan 2011 - 12:00
  • Earder waard ek al staakt by AGC

Woansdei sil op 'e nij staakt wurde by glêsbedriuw AGC yn Easterwâlde. It is al foar de fyfde kear dat wurknimmers it wurk dellizze omdat se it net iens wurde kinne oer in nije CAO. De staking duorret in heale dei en begjint middeis om 12 oere.

Yn in aksjegearkomste sil bepraat wurde wat de wurkjouwer neffens de wurknimmers dwaan moat om te soargjen dat der in akkoart komt. Ek sil sjoen wurde hoe't fierder aksje fierd wurde moat, mocht dat nedich wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)