Wer sneltsjinsten Harns-Flylân en Skylge-Flylân skrast

01 feb 2016 - 10:32
  • De sneltsjinst fan Rederij Doeksen

Yn ferbân mei it minne waar hat rederij Doeksen de feart fan de sneltsjinst fan en nei Flylân oan de ein fan moandeitemiddei skrast. It giet om de sneltsjinst fan Harns nei Flylân om tweintich oer fiven, fan Skylge nei Flylân om tweintich oer seizen en dy fan Flylân nei Harns om fiif foar sânen.

Der farre wol gewoane fearboaten ekstra. Om fiif oere fan Flylân nei Harns en om sân oere jûns fan Harns nei Flylân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)