Wer snelheidskontrôles plysje

14 des 2007 - 10:33
  • "Wer snelheidskontrôles plysje"

De plysje hat tongersdei op 'e nij op ferskate plakken snelheidskontrôles hâlden. Op Skylge wie de rispinge mar lyts, want dêr ried mar ien fan de tachtich kontrolearre autobestjoerders te hurd.

Yn Berltsum giene twa automobilisten yn oertreding. Yn Snits waarden alve autobestjoerders op de bon slingere. Sy riden mear as 25 kilometer yn de oere te hurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)