Wer in Slachtebrêge?

09 feb 2003 - 00:00

It bestjoer fan de Slachtemaraton wol graach in Slachtebrêge oer de A31 by Frjentsjer ha. De mooglikheden om sa'n brêge te bouwen wurde ûndersocht. Rykswettersteat en de gemeente Frjentsjerteradiel ha entûsjast reagearre op it plan.

De brêge soe ûntwurpen wurde moatte troch de Fryske arsjitekt Rein Hofstra. Earder makke er ek al de Slachtebrêge oer de Westergoawei by Wommels. Dy brêge wurdt de Nije Kromme neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)