Wer skomjend middel yn fontein op Ljouwerter rotonde

01 okt 2015 - 08:52

Unbekenden hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei op 'e nij in skomjend middel yn de fontein op de nije rotonde yn de Ljouwerter Frijheidswyk smiten. Moandeitemoarn soarge it skom ek al foar oerlêst foar it ferkear.

It skom rûn oer de dyk en soarge foar glêdens. De gemeente Ljouwert is eigener fan de rotonde en sil dizze skjinmeitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)