Wer skeel oer terrein De Groot

29 jul 2009 - 15:58

Undernimmer Theo de Groot fan De Veenhoop moat kuierders talitte op syn rekreaasjeterrein. Hy hat it paad njoggen jier lyn ôfset mei in stek. De gemeente hat dêr doe in boufergunning foar jûn en sein dat it in âlde iepenbiere dyk is. It bestean is yn 1957 fêstlein.

De Groot hat it stek no goed in meter iepenset. Hy tsjinnet in klaim yn by de gemeente. Neffens him hat de gemeente nea sein dat dêr in paad lei en syn grûn minder wurdich wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)