Wer seis bern Comenius heard

19 apr 2010 - 15:51

Op 'e nij binne seis jongeren heard yn de saak fan de stellerij op it Comenius yn Ljouwert. Sa seit direksjelid Klaas Reitsma. De seis binne útnoege op it plysjeburo foar ferhoar. Dat is oars as foarige wike doe't fjouwer jongeren moarns fan 't bêd helle waarden om heard te wurden.

De earste groep jongeren is ôfrûne sneon frijlitten troch justysje mar se binne noch wol fertochte. Tiisdei sil de skoalle om 'e tafel mei de âlden fan de learlingen en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)