Wer rjochtsaak bouplan St Anne

13 jan 2009 - 20:53

De kâns liket net grut dat der op koarte termyn fierder boud wurde kin oan it soarchkompleks yn Sint Anne. Tiisdei die boargemaster Aucke van der Werff in klemmend berop op de Raad van State om dat mooglik te meitsjen.

It Bilt hat in boufergunning ferliend foar in kompleks fan 50 soarchwenten, mar dy wenningen krije tefolle lûdsoerlêst fan de supermerk dy't tichtbij it nijbouplan sit. Yn 2007 is de bou stilset neidat de Raad van State in streek troch it plan sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)