Wer rêstich nei 'Fight TV'

21 nov 2012 - 10:16
  • Fightclub

De rêst is wer weromkeard yn de Van Loonstrjitte yn Ljouwert. Dat skriuwe b. en w. fan Ljouwert yn antwurd op fragen fan it CDA oer in searje ynsidinten yn dy strjitte de ôfrûne neisimmer. It gie dêrby om it fernielen fan de boarterstún, brânstifting en oare ynsidinten.

Djiptepunt wie in oankundige en organisearre fjochtpartij, dy't op ynternet stie as 'Fight TV Leeuwarden, aflevering 1'. De belutsen jongeren binne yntusken allegearre identifisearre. Se hawwe in warskôgingsbrief krigen fan boargemaster Crone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)