Wer reboelje oer Drachtsterfeart

02 mrt 2002 - 00:00

Neffens Gemeentebelangen Smellingerlân sit der radio-aktyf ôffal yn 'e grûn fan it stoart by de Drachtsterfeart. De gemeente Smellingerlân wol dy grûn brûke foar in lûdswâl. Gemeentebelangen easket dat de grûn ûndersocht wurdt.

Wethâlder Westerhof neamt de eask fan Gemeentebelangen in 'ferkiezingsstunt'. Neffens de wethâlder is der gjin sprake fan radio-aktyf ôffal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)