Wer ramkreak yn Easterwâlde

20 okt 2003 - 00:00

Yn Easterwâlde hat op 'e nij in ramkreak plakfûn. Dit kear wie in kleanwinkel it doelwyt. Sneintenacht waard de foargevel fan de winkel oan it Stipeplein derút riden. Der binne fral spikerbroeken stellen. Der komt noch in krekte ynventarisaasje fan wat stellen is en wat de wearde derfan is.

Easterwâlde hat de lêste tiid in soad te krijen mei ramkreaken. Earder wiene de selde broekesaak, in bank en in fotosaak it slachtoffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)