Wer puntferlies foar Cambuur

23 sep 2011 - 23:00

It is SC Cambuur foar de tredde kear op rige net slagge om te winnen. Nei de ferliespartijen tsjin Dordrecht en Zwolle (beker) waard der thús mei 2-2 lykspile tsjin Helmond Sport. Dêr mocht Cambuur noch bliid mei wêze, want de lykmakker fan Martijn Barto foel pas yn blessueretiid.

Sandor van der Heide hie Cambuur yn de earste helte op foarsprong setten. Nei it skoft skoarden Charles Kazlauskas en Giorgios Niklitsiotis foar Helmond Sport, omdat Cambuur slap ferdigene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)