Wer protest tsjin Omrinoven

12 des 2008 - 16:13
  • Wer protest tsjin de ôffaloven by de oandielhâldersgearkomste

De aksjegroep 'Afvaloven nee' stie freed oan de poarte fan Ekopark De Wierde yn Aldehaske om folders út te dielen foar it begjin fan de oandielhâldersfergadering fan Omrin. In sinleas protest neffens guon oandielhâlders, want it beslút om yn Harns in ôffalreststoffesintrale te bouwen is ferline jier al nommen.

Mar de tsjinstanners jouwe net op. De oven is skealik foar de folkssûnens, sizze se en dêrom wie der freed op 'e nij protest yn Aldehaske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)