Wer protest fan garnalefiskers

05 nov 2004 - 11:11

Sa'n fjirtich garnalefiskers protestearje freed yn Den Haach. Se binne lulk om't se fan de NMa gjin ûnderlinge ôfspraken meitsje meie oer de prizen en oantallen. De garnalefiskers diele by de ministearjes fan Ekonomyske Saken en Lânbou en by it kantoar fan de NMa pûdsjes mei garnalen út.

Woansdei fierden de fiskers ek al aksje. Doe waard mei fiskersskippen de havenyngong fan Harns blokkearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)