Wer proef mei alkoholslot

17 feb 2010 - 09:12

De provinsje siket 25 stevige drinkers. Se moatte meidwaan oan in proef mei it alkoholslot. Dat apparaat moat foarkomme dat minsken mei tefolle drank op achter it stjoer krûpe.

Earder hâlde de provinsje al in proef wêrby't nei de praktyske kanten fan de ynfiering fan it alkoholslot sjoen waard. De nije proef moat útwize wat it effekt is op it gedrach fan automobilisten. De proef begjint yn april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)