Wer problemen mei parse LC

16 mrt 2009 - 15:05
  • De LC hat wer maleur mei de drukparse

Der binne op 'e nij problemen mei de drukparse fan 'e Ljouwerter Krante. Yn in grut part fan Fryslân wurdt de krante moandei letter besoarge. Dat jildt ek foar it Frysk Deiblêd. Dizze krante wurdt tagelyk mei de Ljouwerter Krante mei buskes nei de ferskate distribúsjepunten ferfierd.

Ferline wike woansdei wiene der ek al problemen mei de drukparse. In part fan 'e oplage fan dizze krante is doe printe op de parse fan it Dagblad van het Noorden yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)