Wer Primera oerfallen

05 apr 2011 - 18:13

Opnij hat der in wapene oerfal west by in Primerawinkel. Tiisdeitemiddei tsjin slutingstiid waard de Primera oan de P.J.Troelstrawei yn Ljouwert oerfallen. Twa oerfallers mei in tinte hûdskleur naaiden nei de oerfal mei in auto út.

Yn de wyk Westeinde stapten se út en giene rinnende fierder. Ien fan de fertochten koe dêr al gau oanhâlden wurde. Yn de auto is in fjoerwapen fûn. Nei de twadde man wurdt socht mei hûnen en in helikopter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)