Wer poatierappels nei Ruslân

27 mrt 2014 - 14:40
  • HZPC

Ierappelhannelshûs HZPC fan De Jouwer kin wer poatierappels útfiere nei Ruslân. It eksportferbod jilde earst foar hiel Europa, mar is no opheft foar Nederlân en Finlân. Ruslân hie dat oplein omdat der yn Nederlân skealike organismen yn de grûn sitte soene, dy't se dêr net ha wolle. Neffens HZPC is der neat mis mei de grûn en gie it om in politike boykot.

De HZPC hâldt der rekken mei dat it ferbod mar tydlik opheft wurdt. It is bygelyks ûndúdlik oft de kommende hjerst wol poaters eksporteard wurde kinne foar de betide tylt yn Ruslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)