Wer plestik foar flearmûzen

28 maaie 2009 - 21:47
  • It plak dêr't de NHL nijbout

De Noordelijke Hogeschool (NHL) yn Ljouwert moat in fleanrûte foar flearmûzen yn eare herstelle. Dat hat de rjochter sein.

Op it terrein dêr't de nijbou fan de NHL komt, sitte flearmûzen. Om dy nei de Grutte Wielen te krijen, dêr't se har fretten helje, is in 200-meter lange tunnel oanlein. Mar dy brûke de flearmûzen net. Neffens de rjochter moatte der wer skermen mei swart plestik komme. Dêr fleagen de flearmûzen wol tuskentroch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)