Wer part Van der Meij oernaam

09 sep 2013 - 12:08
  • Autobedriuw Van der Meij Ferwert

Der is wer in ûnderdiel fan autobedriuw Van der Meij yn Ferwert oernommen. Dat meldt kurator Rotshuizen. It giet no om it skeabedriuw. De hjoeddeistige direkteur Bauke Bosma nimt tiisdei mei in ynvestearder de bedriuwsaktiviteiten oer. De fjouwer wurknimmers hawwe in nij kontrakt oanbean krigen.

Earder wie al it garaazjepart oernaam. Mei de oername fan it skeabedriuw meitsje de belangrykste ûnderdielen fan it Van der Meij-konsern in trochstart. De wurkgelegenheid is foar it grutste part oereinbleaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)