Wer ozb-flater Ljouwert?

27 jun 2001 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat mooglik op 'e nij in flater makke mei de berekkening fan de ûnreplikguodbelesting (ozb). VVD-riedslid Van Mourik tinkt dat de strop oardel miljoen gûne wêze kin.

De flater is ûntdekt troch in fiskaal buro. Ljouwert soe it eignerspart te heech berekkene ha. As dat sa is, komt de hiele oanslach te ferfallen. Ek 32 oare gemeenten soene de flater makke ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)