Wer otter deariden op A7

03 sep 2014 - 12:17
  • Deade otter (argyffoto)

Op de A7 by Aldehaske is woansdeitemoarn wer in otter deariden. Op dit plak wurde geregeld otters deariden. Stichting Otterstation Nederland hat dit plak al oanjûn by it Ryk en provinsje mei it fersyk om hjir wat oan te dwaan. De rjochter hat de oerheid yn maaie ferline jier opdracht jûn om it punt oan te pakken, mar dat is noch net dien.

Neffens de stichting is it maklik op te lossen troch it trochlûken fan de rasters dy't dêr yn de dyk sitte. Op 22 septimber komt de kwestje op 'e nij foar de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)