Wer opskuor oer teaterposter

09 nov 2006 - 11:56

De poster fan teatergroep De Vliegende Panters mei net yn Dantumadiel hingje. Boargemaster Aalberts hat it bedriuw dat de poster ferspraat hat, frege se wer fuort te heljen. Op de poster is in neakene frou te sjen. Der kamen klachten oer.

Earder soarge de poster ek foar problemen yn de gemeenten Dongeradiel en Smellingerlân. Dêr mochten de posters wol hingjen bliuwe om't se wol oan de wet foldogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)