Wer oplichting fia ynternet

26 jan 2012 - 14:35

By de plysje is opnij oanjefte dien fan oplichting fia ynternetbankieren. Woansdei makke de plysje bekend dat twa minsken foar 3000 en 10.000 euro oplicht binne. Tongersdei die ek in ynwenner fan Súdwest Fryslân oanjefte fan oplichting. Hy hie in email krigen, dy't fan de bank like te kommen, dêr't yn oankundige waard dat de man belle wurde soe om befeiligingsproblemen op te losse.

Oan de telefoan moast er mei syn apparaatsje foar ynternetbankieren gegevens trochjaan. Letter die bliken dat der 2000 euro fan syn rekken ôfskreaun wie.

Yn alle trije resinte gefallen giet it om klanten fan de Rabobank. Klanten fan de bank moatte op har iepenst wêze, seit de plysje. Ek warskôget de plysje bankôfskriften net yn it âld papier te dwaan, mar te ferneatigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)