Wer Olympyske nominaasje Knegt

08 des 2012 - 13:38

Shorttracker Sjinkie Knegt hat op de 1000 meter in Olympyske nominaasje pakt. By de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai einige de Bantegeaster as fjirde yn de heale finales. Dat wie net genôch om oan de start te stean yn de finale. Wol kaam Knegt letter op de dei yn aksje by de finale yn de B-groep. It fjirde plak dat er dêr pakte wie goed genôch om te foldwaan oan de eask fan de NOC*NSF.

De Europeesk kampioen hat no op alle ôfstannen in foarseleksjeticket pakt foar de Olympyske Spelen fan 2014 yn de Russyske stêd Sotsji.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)