Wer oerwinning Bouwmeester

04 apr 2012 - 19:54

Marit Bouwmeester giet nei trije dagen silen om de wrâldbeker op Mallorca allinnich oan de lieding. Woansdei wûn se foar de tredde kear in race yn de Laser Radial. Yn wedstriid seis waard se sechsde. Marit hat no tolve punten. De foarsprong op de Belgyske Evi van Acker is twa punten, op de Spaanske Alicia Cebrian stiet se fjouwer foar.

Mei Roelof Bouwmeester giet it gâns minder. Yn de Laser besylde hy in 23e en 14e plak, goed foar it 59e plak yn it klassemint. Pieter-Jan Postma sakke yn de Finn nei it 18e plak. Hy waard woansdei 21e en 18e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)