Wer oerwinning Aris

11 des 2007 - 22:36

De basketballers fan Aris ha tiisdeitejûn mei 76-71 wûn fan Den Helder. It spul fan beide ploegen dy't leech op 'e ranglist stean wie net geweldich, mar spannend wie it wol. Healwei de wedstriid stie it 35-33. Nei 72-71 joegen de frije ballen fan Langevoort en Van der Meulen de trochslach: 76-71. Jesse Kimbrough makke 22 punten, Dillion Sneed 21.

Aris is no tsiende mei 8 út 17. Den Helder en Almere stean ûnder Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)