Wer oerlis oer bestjoerskrisis

29 jun 2006 - 13:44

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is tongersdei wer in petear begûn om de bestjoerskrisis yn Littenseradiel op te lossen. Boargemaster Liemburg, fraksjefoarsitter Waterlander fan de PvdA en fraksjefoarsitter Heeg fan de VVD prate ûnder lieding fan bemiddeler Te Loo oer de problemen.

Boargemaster Liemburg hie in moanne lyn krityk op hoe't it nije kolleezje yn Littenseradiel ta stân kaam is. De PvdA en de VVD namen har dat kwea ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)