Wer oerlêst troch reinwetter

22 aug 2004 - 13:26

Grutte protten reinwetter hawwe op 'e nij foar problemen soarge yn Fryslân. Yn Minnertsgea stiene de strjitten wer blank. Bewenners wiene de hiele nacht yn tou om yn 'e gaten te hâlden hoe heech it wetter kaam.

Yn Seisbierrum rûn in bakkerssaak ûnder wetter. Boppedat sloech de bliksem yn de saak yn en rekke de stroom derôf. Túnker Hartman hat in pomp ynset om it wetter út de kassen te krijen. Yn Seisbierrum wie 75 mm reinwetter fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)