Wer oerlêst fan katte-opfang

19 feb 2008 - 16:18
  • Jacqueline Claus mei in pear fan har katten
  • dizze katten hawwe in goed plak fûn by de kachel

Der moatte 52 katten fuort by de katte-opfang Het Poezenparadijs yn Nij Altoenae. Dat seit de gemeente It Bilt. Bewenster Jacqueline Claus soarget foar 62 katten. De buorlju hawwe skjin har noch fan de oerlêst. Se kleie oer stank, ratten en mûzen.

Acht jier lyn moast Claus al út Minnertsgea ferhúzje, om't de buorlju yn ferset kamen. Claus seit dat se oan it ôfbouwen is: der wiene earst 107 katten. De oaren wol se net ôfstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)