Wer oerfal winkel Easterwâlde

29 mrt 2013 - 21:24

By in oerfal op de Primera op De Trambaan yn Easterwâlde binne freedtemiddei klanten en in plysjeman yn boarger der yn slagge om in oerfaller te pakken. De 33-jierrige ynwenner fan De Fochtel hie in mes en bedrige in meiwurker fan de winkel. Earder dit jier fûn der ek al trije kear in oerfal plak yn Easterwâlde. Ien op in kleanwinkel en twa op benzinestasjons. De plysje docht ûndersyk oft de man út De Fochtel ek te krijen hat mei de oare oerfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)