Wer oanjefte tsjin Burgumer

16 jun 2008 - 11:36

Tsjin de Burgumer (34) dy´t ferline wike oppakt waard op fertinking fan ûntucht mei in famke fan seis jier is opnij oanjefte dien, dit kear troch in 17- jierrich famke. Wat der krekt mei har bard is, wurdt noch ûndersocht.

De Burgumer wurdt moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy bepaalt oft der genôch reden is him langer fêst te hâlden. De trije basisskoallen yn Burgum hawwe ferline wike de âlden fan ´e bern mei in brief op ´e hichte brocht fan ´e ûntucht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)