Wer oanhâldings foar oerfallen

11 jan 2011 - 10:22

De plysje hat moandei yn Ljouwert wer twa manlju oanhâlden foar oerfallen op supermerken en winkels yn de stêd. De twa binne 19 jier. Ein ferline jier binne ek al twa Ljouwerters oanhâlden foar oerfallen mei wapens. It gie doe om manlju fan 19 en 20 jier. Dy twa sitte noch altyd yn foararrest.

In resjerzjeteam fan acht minsken docht sûnt ferline jier ûndersyk nei wapene oerfallen yn Ljouwert. Mear oanhâldings wurde net útsluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)